Ut 'Fjouwer pozydebuten'
 
Troch Pier Boorsma
 
De wizers yn it read
 
De earste Fryske bondel fan Tsead Bruinja giet oer saken yn it libben dyt misgean kinne en sa de wizers yn it read sette. De dichter brkt twa ferskillende fersfoarmen: it frije fers en in foarm drt de sinnen efterinoar trochrinne en sa nedich mei in enzjambemint yn de folgjende rigel fierder gean. De frije fersen binne swak, op inkelde nei dyt oer kanker geane en nochal skokkend binne:
 
sjoch mar
 
se knopet it boppestik
fan har piama
iepen
 
it wit net mear wat ik ferwachte
wrt ien boarst minder wie
like it tichtskroeid
 
it seach der kreas t
 
De dichter debutearre mei twa Nederlnsktalige bondels, mar dizze fersen oer kanker masten yn it Frysk skreaun wurde:
 
ik leau yn s taal
en dat dy feroarje moat
yn de minsken dyt it tsjinhlde
en de minsken dyt it neat skille kin
 
myn Frysk is net geef
 
mar it is de taal drt dit yn gebeurde
 
De fersen mei trochrinnende sinnen binne sterker en net snder talint skreaun, lykas Kelder, drt ik de earste twa kpletter fan sitearje:
 
at se achter har heart hoet in hn de klink betaast
de fear yn de keldersdoar spant plmpt de blauwe slok
spiritus noch net fermongen mei har flibe
yn `e bk fan de plestik flesse werom sinkt
 
de moed har wer yn de skuon rint har kop read oan draait
se de dop derop faget mei de achterkant fan de linker
hn rimpele oar de mle begjint pas te
azemjen yn de sfte eagen fan har dochter
 
Bruinja eksperimintearret noch mei de foarm en besiket sa t te finen wrt syn krft leit.

t Trotwaer