de man dy't rinne moat

troch Hedzer S. Oostra
 
It earste, dat my opfoel oan Tsead Bruinja wie syn te krappe oerjas; it hie wat fan de jierren fyftich, ek troch syn wize fan sjen achter in tsjok brilmontuer. In dichter en tinker, in yntellektueel?  In goed bringer fan syn wurk foel my letter op by de Friezendei yn Felix Meritus ferline jier. Yn it petear koe er syn bekje ek goed roere en mei humor, dat hie ik net efter him socht.
Dy te krappe jas stiet yn syn lźste bondel:.. by syn ālden de doar/net langer platrint/en de knopen fan syn jas/knappen sjocht...
Kin ik mear fan dy dingen werom fine? Ik ha wat lźst fan in besprek fan Harmen Wind oer dizze bondel en woe dat fan my ōfskodzje en ha dźrom wat wachte mei dit besprek.
Yn Felix Meritus die Bruinja ek de śtspraak, dat hy, doe’t er yn it Frysk begūn, de taal opnij leare moast, want der is in grut ferskil tusken de sprutsen en de skreaune Fryske taal. Ik wie tankber foar dy opmerking fan sa’n jonge fint, want my oerkaam itselde as āldere en ik siet mar mei dat frekte GEEF yn ‘e kop.
De teksten yn de bondel moatte foar harsels sprekke en ik moat bekenne: Bruinja is gjin tige tagonklik dichter, wol botte nijsgjirrich en net sūnder humor. Ik fūn twa wite siden, sūnder paginanūmer en dat is net sūnder bedoeling, want kloppet mei de ynhāldsopjefte.
De man dy’t rinne moat ( side 42) krijt in fariant op side 51 yn do bist de man dy’t sjonge moat en wat fierderop lit him bliuwe/de man/dy’t rinne moat. Kreas ynbźde dus dy sjonger (=dichter) en dan is der ek noch de man dy’t pisje moat (side 58)
In juwieltsje fan subtile humor is:
 
it is stil op en om de pleatsen
op in sneontemiddei om teetiid hinne
ūnderśtsakke yn ‘e trein
 
it is stil śtsein it tikjen fan teeleppeltsjes
tsjin de rānen fan kopkes
it ranen fan wanden fan sūkermolekulen
de ūntspanning fan it lid fan de koeketromp
 
stil achter de rźch om fan in antinne
dy’t no oan de dōfstomme tillevyzje
neat trochjaan mei
 
stil droegje de jarredrippen oan de konten fan toarstige jarretanks
aansens sille se sūnder heard te wurden falle
as de mei stjerren borduerde nacht oer my
 
Dit is noch goed nei te kommen, mar dat is in śtsūndering. Net dat de gedichten fan Tsead Bruinja hermetysk binne; de sfear spat der ōf. As men gefoelich is foar syn poėzij komme de bylden en geuren (roken yn geef) fansels. It is ek foer foar psychologen troch de tapaste symbolyk en metafoaren hjir en dźr, mar nea oplein.
Men moat wol wat eftergrūn ha om ien en oar op te pikken: Titel: Medeus, earste rigels: ik stjoer dy in mantel/om de bern dyst net ha wolst...
Oan de oare kant is Bruinja ek in gūcheler mei wurden, dat it swiersettige en drege fan sommige gedichten as stapstiennen wat hāldt jout. In pear foarbylden: plantaardich streakferlet; flintertinne polonźzespoken; IS YOUR BEING SERVED; tekenfilmtsjerkhōf; streeksettersbegrutsjen; oaljefantepogo; knūkertekkens; COLD TURKEY FAN IN READE DREAM; it readferbaarnde timmerfolkfel.
De leafde en eangst foar ferslaving oan de leafde foarmje in grut part:
   
   [...]
   leau my sy wol boaiem gjin put
   dźr waard ik fan oertsjūge
 
   doe’t ik besocht mei har te praten
   wie sy in hoarn fol rūs
 
Dat Bornmeer dizze bondel sa moai foarm jūn hat, hie ik yn it besprek fan Jabik Veenbaas syn Metropolis al sein. Der is ek noch in bondel fan twa Fryske Sinezen yn de rige....(Mokummer Mjitte Nijs, 2002)

terug naar boven