Wiist net sa mâl

troch Piter Yedema  

Men begjint oan in dichtbundel dy't De wizers yn it read neamd is, net te ûnrjochte mei men oannimme, mei it bangige gefoel dat jins opname- en ôfspylapparatuer it oanbeane geweld net oankinne sille, - it spul giet nei de knoppen, men giet oer de reade, byneed.
 Moarns makket men de rûnte by barometer en minimaks bûtendoar lâns en smyt in blik op 'e manometer fan de seevee. Jûns tsjekt men de AEX en de Dow Jones want in ferstannich man lit him yn syn oerwegings en hannelingen troch dizze handige wizerkes liede. De stân fan saken, dêr giet it om, dy moat men yn 'e rekken hâlde.
 De measte wizers bewege har om in lykwichtstân hinne, lykas de barometer en dêr stiet dan by: Veranderlijk. Der stiet net by hoe't men in winske ûtslach berikke kin of wat men dwaan moat as er fan de skaal ôfrint. Dat moat jin der separaat by ferteld wurde: by read ljocht stopje, by E benzine tenke.
 It hat nammers ek gjin doel om grutheden te mjitten dêr't minsklikerwize gjin ynfloed op út te oefenjen is. Dêrom witte wy neat fan it ûnmjitlike, want witte is mjitte en omkeard, en wat wy net mjitte kinne dêr moatte wy oer swije.
 Sa kom ik dochs, net helendal tafallich, yn 'e buert fan de dichterij út, want ‘mjitte' ferfange troch ‘sizze' en ik ha de bekende stelling fan Wittgenstein, dy't, sa't faaks ek bekend is, troch alles en elkenien dy't mei keunst,literatuer en/of teology besteld is, bewust dan wol ûnbewust mei alle ynmoed fersmiten wurdt, en fersmiten wurde moat.
 Dochs soe in hiel dryst persoan úthâlde kinne dat ek taal as ien grut mjitynstremint op te fetsjen is. Wurden ferwize nei saken en yn in sin wurdt besocht om de wearde en it belang fan in stikje wrâld ôf te mjitten en út te drukken.
 
It liket my ta dat ús dichter Tsead Bruinja dêr ek mei ompielt en fral yn syn ‘Neiwurd' (s.60) oanjout hokker swierrichheden him dêrby kwelle. Hy jout dêryn oan hoe't er tenei besykje sil om taal better oanslute te litten by syn werklikheid, want hy skynt, sa't er beskriuwt, út in tastân fan ferfrjemding wei te kommen. De holle is him net mear genôch, hy wol it hiele lichem ynskeakelje. Dêrom werom nei it Frysk, moat de lêzer konkludearje.
Bruinja hat it idee dat dy taal mear ‘fan ûnderen' komt, lit ús sizze út de kloaten of út de teannen wei. Uteraard is der in grins, want it wurd ‘bonken' is itselde foar alleman, mar alline myn eigen dogge my sear as der tsjinoan skopt wurdt. Werom nei it lichem, nei de natoer, nei it Frysk, wêryn ik ‘fertelle kin en tagelyk fiele'.
 Wêrom net, soe ik sizze, as dat ynhâldt dat der mear wizerkes bykomme, ek fan planten dy't ôfknipt wurde is in skreau fan pine opfongen en sûnt Pavlov giet ús de grize likegoed oer de grouwe as wy in seismograaf útslaan sjogge, en wurde de wurden dy't de hel yn in brânende berchtunnel of yn in delstoartsjende Concorde beskriuwe koene, om dy reden út de sjoernaals wei keard.
 Wat is der mis mei de taal, eltse taal? Dyn pine komt oer asto seist datst tsjin de skinen skopt bist, en dyn geilens ast beskriuwst hoe't in spin in mich opfret.
 Wat soe benammen poezij oait foar sin hân ha en oait oant no ta bestien en subsidiearre, as dat net sa wie? Wêrby noch tafoege wurde moat dat de bêste poezij pine en geniet mei oare middels opropt as mei de fersekering dat de dichter se sels persoanlik ûndergien hat.
 
Yn hoefier hat dizze úthaal oer titel en neiwurd no winlik te krijen mei it fersewurk dat yn Tsead Bruinja syn debútbundel oanbean wurdt? Alhielendal neat as ik op side 12 lês:
 
 ik leau yn ús taal
 en dat dy feroarje moat
 yn de minsken dy't it tsjinhâlde
 en de minsken dy't it neat skele kin
 
 myn Frysk is net geef
 
 mar it is de taal dêr't dit yn gebeurde
 
Sleauwer en flauwer kin in leauwen net brocht wurde. It is trouwens ûnsin om te stellen dat in taal feroarje moat. Moatte is twang, sei ús pake, en twang is de polityk fan it korreksjekamp. Miskien tinkt er dêr wol temûk oan, want hy wol de minsken feroarje dy't ‘it' tsjinhâlde, of ‘it' neat skele kin. Taalferoaring fynt allegeduerich plak, bygelyks troch it bestean en it fuortsterkjen  fan in grinsferlizzende literatuer.
Men soe út it feit dat immen it Frysk en it dichtsjen net machtich is, folchje litte kinne dat sa'n ien yn 'e Fryske poezij neat te sykjen hat, want dat ‘dit'(?) him yn dy taal ‘gebeurde' soe allinne fan belang wêze kinne yn in dokumintêre oer slachtoffers fan autochtoan taalgebrûk en hat mei poezij neat te krijen.
 De koarte notysjes yn it earste skift befalle my gâns better, mar fierderop binne se wer flauw en neatsizzend as yn ‘wêr hast ferlet fan leave' (s.15) en forsearre grappich as yn ‘dyn oare wang'(s.40). De langere gedichten yn de bundel skypje ús yndied op mei de fraach wat der mei de mins en de dichter ‘gebeurd' is, dat er dêr ynienen sa detaillistysk en dochs sa riedseleftich mei tsjustere ferwizings fanwegen komt.
 It gedicht ‘Kelder'(s.22) beskriuwt it momint dat in spiritusdrinkster op 'e kelderstrep betrape wurdt by it opnimmen fan har favorite slokje. Op it Frysk falt dan neat oan te merken, it tafrieltsje is goed delset en krekt as yn de oare langere gedichten is neat te merkbiten fan in dichter dy't wrot om syn taal as út syn ballen wei klinke te litten.
 De gedichten gearbrocht yn it skift ‘Berte fan in swart hynder' hawwe ek dy fyntrieddige fertelstruktuer dy't sûnder mear boeiend is op himsels en boppedat ynspand is tusken de thema's leafde en dea, in brulloft mei in swarte gast, in ‘dânser' sa't Bruinja like geef skriuwt (s.25):
 
 ..................bûten neist
 de doar stiet in anker dat har sturt west hie foldien
 
 te glimkjen yn syn nije rol as ornamint punt
 yn 'e modder dy't troch har beide bruorren  fan learzens ôf
 klapt wie foardat se der yn komme mochten.
 
It hat ek wol wat dat er systematysk gjin haadletters en lêstekens brûkt, wêrby't syn sinnen oer rigels en strôfen hinne glydzje en soms midden yn in rigel op in folgjende sin ynheakje. Faaks is dat noch it lêste , bewust oanbrochte kenmerk om poezij te lykjen, eat dat altyd streame en alles mei elkoar ferbine wol.
 Bruinja is yn myn eagen in poetysk prozaist dy't yn syn langere, bêste gedichten bliken docht wier wat te fertellen te hawwen, want sa mei men ien dochs wol neame dy't noch sa tangele sit mei mem, grutâlden, - fan de heit ûntbrekt elk spoar -, en in suske.
 De bundel is it wurkstik fan immen dy't driget syn talint te miskennen, dy't bêst by steat is om libben en kundich Frysk te skriuwen, in ferhaal hat en ús dêrmei faaks nochris oer de reade jage sil.

út Hjir