© Wilco Berga

guoz

hazze yn it fjild tinkt
alles oan de hazze is op
alles oan de hazze is lykas
winter oerfleanende guozzen

jagers eagen sizze simmer
en alles oan de jager is op
alles oan de jager is
fuortflein lykas dy simmer

alles oan de jager is grien
de hazze yn de jager ropt
en alles oan de hazze is op

it fjild yn it fjild tinkt skot
en alles oan it fjild is op

fral de hazze is op
yn it fjild en yn de jager

Tsead Bruinja

Als opdracht geschreven voor het blad Styl