Ut 'Fjouwer poëzydebuten'
De wizers yn it read
De earste Fryske bondel fan Tsead Bruinja giet
oer saken yn it libben dy’t misgean kinne en sa ‘de wizers yn it read
sette’. De dichter brûkt twa ferskillende fersfoarmen: it frije fers en in
foarm dêr’t de sinnen efterinoar trochrinne en sa nedich mei in
enzjambemint yn de folgjende rigel fierder gean. De frije fersen binne swak,
op inkelde nei dy’t oer kanker geane en nochal skokkend binne:
sjoch mar
se knopet it boppestik
fan har piama
iepen
it wit net mear wat ik ferwachte
wêr’t ien boarst minder wie
like it tichtskroeid
it seach der kreas út
De dichter debutearre mei twa Nederlânsktalige
bondels, mar dizze fersen oer kanker mòasten yn it Frysk skreaun wurde:
ik leau yn ús taal
en dat dy feroarje moat
yn de minsken dy’t it tsjinhâlde
en de minsken dy’t it neat skille kin
myn Frysk is net geef
mar it is de taal dêr’t dit yn gebeurde
De fersen mei trochrinnende sinnen binne
sterker en net sûnder talint skreaun, lykas ‘Kelder’, dêr’t ik de
earste twa kûpletter fan sitearje:
at se achter har heart hoe’t in hân de klink
betaast
de fear yn de keldersdoar spant plûmpt de blauwe slok
spiritus noch net fermongen mei har flibe
yn `e búk fan de plestik flesse werom sinkt
de moed har wer yn de skuon rint har kop read
oan draait
se de dop derop faget mei de achterkant fan de linker
hân rimpele oar de mûle begjint pas te
azemjen yn de sêfte eagen fan har dochter
Bruinja eksperimintearret noch mei de foarm en
besiket sa út te finen wêr’t syn krêft leit.
út Trotwaer