poëzy as katarsis
 
oer de "De wizers yn it read"
 
 
De wizers steane as in op 'e kletter sleine manometer goed yn 't read.  Alarmfase trije is oanbrutsen foar de haadpersoon yn Bruinja's bondel.  Hoe kin 't oars ek, at je op wei nei folwoeksenens sokke yngeande foarfallen te ferarbeidzjen krije.
De ellinde set útein mei in mem, dy't de ferkearde kwaal ûnder de lea hat.  Dizze fertrietlike tastân wurdt op sobere wize werjûn en fungearret as opstapke foar in famyljekronykje, dat yn myn eagen net frij is fan biografyske eleminten.
Frysk is de grûntoan yn it klankdekoar, dêr't it deistige libben him tsjin ôfspile. Om alle emoasjes dy't doe troch de ik-figuer hinne raasden, yn it ûnthâld werom te heljen, is it brûken fan dy taal in needsaaklik ynstrumint:
 
ik leau yn ús taal
myn Frysk is net geef
mar it is de taal dêr't dit yn gebeurde
 
As it wier is dat dichter en ik-figuer ien en deselde persoan binne, hat er nei alle gedachten hiel wat tûkelteammen, net as lêste by himsels, oerwinne moatten om ta sa'n ekshibysje te kommen.
Hy hinget noch al wat smoarge wask oan 'e line.
No ja, miskien is poëzy wol in bettere katarsis as in pak Sunil.
Neffens in âld psychologysk prinsipe kin' je inerlike pine der mar better útsmite as der mei omtoarkje en ta eintsjebeslút, krekt as safolle froulju eartiids, yn de reinwettersbak te bedarjen. En as je it dan sa treflik dwaan kinne as dizze man, wêrom net?
Want wier minsken, wat mear as je yn 'e bondel lêze, wat mear wurdearring as je foar dizze poëzy krije, al moat ik tajaan dat ik der yn it begjin wat frjemd tsjinoan seach. Oant ik troch krige dat Bruinja in beskate ynteraksje mei de lêzer op tou sette wol; jo moatte sels de ynterpunksje fersoargje, dat leart je de holle der by te hâlden.
Dan fine jo ek wol út dat guon wurden tsjinst dogge as ein fan 'e iene en begjin fan 'e oare sin:

de moed har wer yn de skuon / rint / har kop rea oan
mem leit noch net op bêd tocht / se / beweecht derhinne
 
De foarm is ek fariabel. Bytiden dichtet Bruinja yn sonnetten, dan wer net, miskien om't de iene libbensfaze mear struktuer hie en de oare gaotysk fan aard wie. No haw ik yn dizze bondel mear omtinken foar ynhâld, emoasje en skientme fan taalgebrûk as foar de foarm.
 
Wat hâldt de ik-fiuer no yn 'e besnijing?
 
My tinkt in skriemend ferlet fan leafde, dy't er fan 'e mem of fan syn suske ferlangt, wat fansels neat wurde kin om't tefolle jierren of in leauwe it keare. Mar bergen yn 'e loft bouwe kin altyd:
 
Wa wit hoe fier at wy wêze sille mei it bouwen
as der skuorren yn 'e muorren fan ús loftkastiel
komme en wa wit oft wy de stikken fan 'e fresko
dy't in leafde útbyldzje moast te plak bringe wolle
 
Swart is de kleur fan 'e dea, it swarte hynder, de frjemde dânser mei de seine yn 'e fuorring fan syn swarte jas it binne inkele symboalen dy't it fertsjerren fan de mem oankundigje.
Suske liket de dramatyske knier yn 'e bondel.
 
Ferskate al as net ynsestueuze ferhâldings wurde suggerearre, wylst fertriet in kear nimt yn lilkens.
Om't ik oer te min eftergrûnynformaasje beskik, falt in krekte ynterpretaasje net ta. Ik fernim sterke oerienkomsten mei de bekentenispoëzy fan bygelyks Sylvia Plath, benammen mei wat se oer har heit seit yn it gedicht "Colossus":
 
I shall never put you together entirely,
Pieced, glued, and properly joined.
Mule-bray, pig-grunt and bawdy cackles
Proceed from your great lips
It's worse than a barnyard.
 
Oerset soe it sa likernôch klinke:
 
Ik sil dy nea
hielendal yninoar sette kinne.
Gearfoegje, lymje en goed hechtsje.
Troch dyn geweldige lippen
baltet it mûldier, gnoarret de baarch
en smoarchbekket it hinneteam.
It is noch slimmer as in kowestâl.
 
Bruinja's haadpersoan komt út in erflik belêste famylje, sa liket it. Pake, bytiden in hústiran, dy't beppe miskien wol ta de flesse dreau en ek al in obsesje mei seks hat, is dochs wichtich foar de ik-figuer om't er mei de deaden prate kin, oars sein, in ferbining mei it ferline, benammen de mem, wêze kin.
Genôch ellinde, sil' je sizze, mar hoe sit it no mei de estetyske kant fan de saak? Dy komt ta utering yn hoe't de dichter stal jout oan 'e problematyk fan 'e ferskate komplisearre relaasjes, de emoasjes dy't der troch oproppen wurde en fansels it byldzjend brûken fan 'e Fryske taal.
 
In pear foarbylden:
 
- ik sjoch ús al op bêd puzeljen mei trije ferkrommele dreamen op 'e skoat
 
- in laach op in âld gesicht neamt er "in nij fel op seane molke"
 
- de dea is in gast dy't by melankoly en tiid yn 'e lear west hie
 
- de wyn rint mei bernehannen oer de muorren fan 'e gong.
 
En wat te sizzen fan dizze strofe:
 
út myn hege hoed
helle ik
knyntsje, poeske
en oare pluzige beloften
 
Hoe't je ek oardiele meie, it falt net te ûntkennen dat Tsead Bruinja's poëzy besieling en djipgong hat, en dêrgiet it dochs om? (Kistwurk)