leave nimmen wit hoe't wy yn eardere libbens
inoar foarby ronnen of de bus misten dêr't ien
fan ús beiden yn siet of do myn syster ús mem
yn wiest en it tusken ús neat wurde mocht om't

der te folle jierren of in leauwe tusken ús
dreaun sa plastysk as in kontinint sil de ôfstân
wol ris west ha ik wie miskien drok dwaande mei
it útfinen fan fjoer wylst do en dyn frijer

oare kant de oseaan de kearsen oanstutsen
hâld ik dy al wer te stiif fêst ik wol dy net
fynknipe mar ik bin bang en bliid tagelyk dat

der noait mear tusken ús wêze sil as dit hielal
dêr't wy net byinoar yn komme kinne omdat
it te lyts is foar it fertriet fan twa dy't ien wurde

leave lit tiid ús fan inoar ôf skuorre at wy ien foar ien
deageane wy slaan werom mei brêgen fan wurden


© Tsead Bruinja

werom nei boppe


 

sy fynt it net slim dat sliep net komt at sy har teare eagen
stadich ticht docht en de helte fan har bêd ûnbesliept
bliuwt draait har net mear om útwrot útreart prakkesearet
se tsjin de gerdinen iepen leit yn âld ljocht dat stjerren
jierren lyn begûn binne nei har út te stekken lit harsels
fersûpe yn seeën fan ferhalen wêr't hy de stim de stien
om har nekke har oranje driuwende rêding yn is
sy leit oan beide siden fan it wetteroerflak ferjit
de ûnderkant ferjit de sykte fan har dochter dy net
mei it grêf yn giet laket skruten tachtich jier
fan teddybear fiifensântich fan tûmke sobjen ôf
driuwt ien sekonde fan tinken oan yn de berm lizze mei
in oar fuort har keunstgebyt fynt ôfwosk wetter
yn in kopke en har laits moat it sûnder
tosken dwaan sêft as prakke ierpels
har mûle ûngeduerich om de ivichheid te omearmjen
de oranje boartersguod kypauto mei dreamen
sil komme en sy sil tinke dat se in nacht lang
wekker west is om't se mar de helte fan har tinzen
ûnthâlde kin en de oare helte derby fantaseare sil


© Tsead Bruinja

werom nei boppe


sy wennet yn in baarnend hûs
elke stoarm nimt in panne fan it dak
it is kâld har tosken klapperje
bûten betinkt ien nije ferkearsregels
fytst fierder in âld man
kranten om it liif bûn ûnder de klean
sy rint der út mei in koer fol wask
swarte lekkens swarte tekkens swart
sloop se sjocht de greiden baarne ek
it hat gjin sin en wês bûten
leaver werom nei de muorren
de dânsjende flammen op syn portret
post falt net frege troch de doar hellet
knisterjend de matte net har kat
springt by har op `e skoat mei in
plantaardich streakferlet jit sy noch
wat spiritus oer de foto-albums
faget de jiske fan `e bril en lêst
en lêst en lêst

© Tsead Bruinja

werom nei boppe


ik ha nea wat op it fjoer set
dat ik net koe
nea wat op it fjoer set
dêr't ik my oan baarne koe

ik bin de baarnende man
dy't wennet
iiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiilykas de sinne

sy seach read hier yn myn burd de moarns
sy seach griis hier op myn plasse de jûns
ik seach har boarsten sakjen
hoe't we beide grouwe guozzen waarden

ik kocht in knappe fyts
mei in moaie bel
sadat ik de fideobannen
gaadlik te plak bringe koe

© Tsead Bruinja

werom nei boppe


KELDER

at se achter har heart hoe't in hân de klink betaast
de fear yn de keldersdoar spant plûmpt de blauwe slok
spiritus noch net fermongen mei har flibe
yn 'e búk fan de plestik flesse werom sinkt

de moed har wer yn de skuon rint har kop read oan draait
se de dop derop faget mei de achterkant fan de linker
hân rimpele oer de mûle en begjint pas te
azemjen yn de sêfte eagen fan har dochter

dy't har feint mei in lêste tút nei hûs stjoerde en
har mem net sitten seach yn 'e stoel de swarte kop
fan 'e kachel swier getten izer ûnbeset

de waarmte socht in plak yn it witten fan har
fingers op de kelderstrep in foarsichtich kreakjen
mem leit noch net op bêd tocht se beweecht derhinne


© Tsead Bruinja

werom nei boppe