Werom nei de memmetaal
 
Fersen fan Grinzer debutant Tsead Bruinja
 
Troch Babs Gezelle Meerburg
 
‘De holle is my net genôch. Ik bin wer thús oan it kommen yn mun lea’, skriuwt Tsead Bruinja yn syn debútbondel ‘De wizers yn it read’. Yn it neiwurd noeget er de lêzers út om op syn syktocht mei te gean.
 
Wy hawwe hjir te krijen mei in fertsjinwurdiger fan de ‘de tredde wei’. Hy heart, sa seit er, net by de lju dy’t feroaringen yn de taal tsjinhâlde, net by dejingen, dy’t it neat skele kin, mar hy kombinearret geef Frysk mei ‘gewoane’ (en dus net altiten korrekte) praattaal.
 
De dichter is berne yn 1974 en studearre Ingelsk oan de Rijksuniversiteit Grins. Hy publisearre yn Fryske tydskriften en joech twa bondels út yn eigen behear: ‘Vreemdgaan’(1998) en ‘Startschot’ (mei oarren, 1999). Bruinja komt út de ‘stâl’ fan Louw Dykstra en Robert Seton fan Utjouwerij Bornmeer.
 
‘De wizers yn it read’ is syn Frysktalich debút en in goed begjin. Frysk is de taal fan de emoasjes, fan de lea sa redenearret Bruinja op side 60:’…hoe’t myn lea yn dy talen der ek wêze koe, hjir is it echt … Yn `e skynbonken kin it sear dwaan net tegen mijn schenen.’Lykas oare adolesinten woe Bruinja fan it Frysk (en fan syn lea) net folle witte, mar dat wurdt oars no’t er wat âlder wurdt: ‘Ik bin deroan ta om nei dy (d.i. taal/lea – BGM) te harkjen wol witte wêr’t it sear docht en dat kin ik allinne yn it Frysk fertelle en tagelyk fiele.’
 
Bruinja sit yn deselde sitewaasje as safolle oare jonge Friezen, dy’t op har achtjinde nei Grins gean te studearjen en dêr it kontakt kwytreitsje mei it Frysk. It is en bliuwt har memmetaal, mar yn de deistige omjouwing is it Hollânsk allesoerhearskjend. Sa wurdt net it Hollânsk, mar it Frysk in soarte fan bûtenlânske taal. Wy sjogge dat by skriuwers as Albertina Soepboer en Doeke Sijens en dus ek by Tsead Bruinja. Dat is in hiel oar útgongspunt as fan in Trinus Riemersma en in Josse de Haan, dy’t gjin war hoege te dwaan om har yn korrekt Frysk út te drukken.
 
Foar Bruinja is dichtsjen in thúsreis (side 16): ‘leave lit tiid ús fan inoar ôfskuorre as wy ien foar ien deageane wy slaan werom mei brêgen fan wurden’. De titel fan de bondel, ‘De wizers yn it read’, soe ik ynterpretearje wolle as in tiidsmeter yn kombinaasje mei it read fan bloed, libben en lichem. Dat weromgean is somtiden pynlik proses, lykas it titelfers seit: ‘de muorren / fan dizze keamers / skodzje fan it balten / en wolle / net mear witte / fan bloed / en fan trochgean // oars as de plakken / op ús fel / ear’t se blau wurde’.
 
Tsead Bruinja dichtet benammen oer húslike taferielen. ‘Húslik’is in begrip mei in negative byklank. Yn it gefal fan Tsead Bruinja is ‘húslikheid’ lykwols mear in feit as diskwalifikaasje, want syn skriuwen is meinimmend en spannend as it bygelyks giet oer syn pake dy’t mear omtinken hat foar in sike ko as foar syn eigen frou (side 51): kij dy’t opjûn wienen / waarden better by him / al moast hy der de hiele nacht / by bliuwe // foar har koe er neat oars / dwaan as de dokter betelje / en har namme yn / komateuze earren roppe’.
 
Bruinja idealisearret it ferline en dat fan syn haadpersoanen net. Wol hat syn dichtsjen yn it Frysk nostalgysk karakter.
 
Minder slagge en typysk foar in debutant fyn ik it neiwurd. Dit neiwurd is in dûbluere, foaral om’t it yn metafoaren skreaun is (side 60): ‘Ik bin yn in bosk. It hat hjir reint. Drippen rinne oer de nerven fan de blêden…’ In lêzer hat ommers mear as genôch oan de fersen. It is fierder hiel sjarmant om alfêst te ferkundigjen dat jins Frysk net sa goed is, lykas Bruinja docht, mar ek dat meitsje de lêzers sels wol út.
 
It dichterskip en it taalgebrûk fan Bruinja is noch lang net útripe. It is de dichter ta te winskjen, dat er op basis fan de memmetaal syn eigen dichterstaal fierder ûntwikkelet. De potinsje dêrta is oanwêzich en leafhawwers fan Fryske poëzy sille him graach op syn ûntdekkingsreis beselskipje.
 
Démake-up
 
der driuwe kleuren op har gesicht om har eagen 
en op har mûle yn har sjochst inkeld noch
dysels se hâldt no ljocht fêst dizze laach is in nij 
fel op seane molke har wrâld makket har op foar
 
cowboys en ingels se dreamt fan lytse bisten dy't
stikem de moaiste jurk foar har meitsje pratende
fûgels en mûzen yn 't spier mei blau satyn en jern
gouden stiksel yn 'e snút se wurdt wekker en ingels 
 
wurde yndianen as har mem har by har ropt se
hat yn 'e beurs sjoen dat der sinten misse doe't se
te min hie om drank te keapjen de flesse al op
 
'e toanbank stie en se har medisyn dêr achter
litte moast sa krigen harren libbens de kleur fan
in goudachtich houdini waarden beide sichtber
 
Ut de Leeuwarder Courant