de man dy't dichtsje moat
 
troch Babs Gezelle Meerburg
 
Dat Tsead Bruinja skriuwe kin, bewiisde er al mei syn Frysktalige debút 'De wizers yn it read' (2000) en lit er mei syn dichterlik ferfolch 'De man dy't rinne moat' (2001) op `e nij sjen. Dúdlik is hjir lykwols in dichter oan it wurd dy't syn eigen paad noch fine moat. Bruinja doar syn lêzers net folle ferantwurdlikheid te jaan, brûkt in protte wurden en is te rynsk mei syn literêre foarbylden. Syn twadde Fryske dichtbondel ferskynde yn de kreas fersoarge poëzijrige fan Utjouwerij Bornmeer.
'De man dy't rinne moat' liket út te blinken yn konsistinsje. Yn it earste fers 'Brêgeman', dat yn oare besprekken priizge wurdt fanwege de muzikaliteit, wurdt mei help fan fan hieltyd weromkommende metafoaren in oantinken út de bernetiid delsetten en keppele oan it libben fan de ik-figuer as folwoeksen man. Konsistint liket ek de hiele bondel. Yn it twadde skift 'Cold turkey fan in reade dream' komme bygelyks de bestandielen út it earste skift, 'Brêgeman', werom: deselde personaazjes, metafoaren, wurdkar, bylden, ûnderwerpen en hanlingen.
Dochs hâld ik it gefoel dat dit dichterskip (noch) net yn balâns, net útkristallisearre is. 'De man dy't rinne moat' bestiet út twa skiften. Dêrmei hat de bondel deselde opbou as it debút. Yn 'De wizers yn it read' folget nammentlik nei de fersen in 'Neiwurd' fan de skriuwer, dêr't ús yn tige artistyk, mar dizenich proaza ferteld wurdt, hoe't wy de fersen opfetsje moatte. De opstet fan dit twadde boek wykt dêr net wêzentlik fan ôf. It earste, konkrete skift hat deselde funksje as in neiwurd en jout de lêzer dus tagong ta it twadde, abstrakte skift. It tsjut nei myn betinken op ûnwissens by de dichter om te tinken dat de lêzer him sûnder útlis net begrypt.
Elke dichter hat syn literêre foarbylden, elk dichtet fia it wurk fan oare dichters. By Tsead Bruinja tilt it op dan de literêre ferwizingen: nei Tsjêbbe Hettinga, Gysbert Japix, Paul van Ostaijen, Kurt Schwitters, Paul Celan en sa kin ik noch even trochgean. Tsead, wy leauwe echt wol datst dyn klassiken kenst, mar wy binne nijsgjirrich nei watstó der fan makkest! Lit dyn foarbylden los en fyn dyn eigen toan!
De wei nei harmony en balâns liket my foar dizze dichter in drege, mar útdaagjende opdracht. Foar de poëzijlêzer is dy nijsgjirrich genôch om te folgjen. (Leeuwarder Courant, 01-11-2002)