Krûmpraterij as poëzij
troch Wiegert Sybrandy alias Willem Schoorstra
Nei it lêzen fan de debútbondel De wizers yn
it read fan Tsead Bruinja siet ik tangele mei ien alles oerhearskjende fraach:
wêrom wolle dizze fersen foar ‘t grutste part gjin poëzij wurde? Komt it
inkeld en allinne troch it stienkoale-Frysk? Of binne der mear redenen?
Wat de taal oanbelanget docht de dichter alle
war om him op foarhân, sa liket it, te ferûntskuldigjen. Soks set al útein
op side 12:
ik leau yn ús taal
en dat dy feroarje moat
yn de minsken dy’t it tsjinhâlde
en de minsken dy’t it neat skille kin
myn Frysk is net geef
mar it is de taal dêr’t dit yn gebeurde
Yn it min ofte mear poëtysk bedoelde neiwurd
seit ús de dichter dat er der oan ta is om sawol syn wêzen as syn
dichterskip foarm te jaan yn it Frysk; it thúskommen yn syn lea, sa’t er
dat neamt. Mar: “dizze taal is in bosk, in moeras dêr’t ik yn werom kom.
It ferskynt ûnder myn hannen en pinne, feroaret en groeit.” En, even
fierder:
“…yn dat proses meitsje ik fouten.”
Oan
‘e ein fan it neiwurd noeget Bruinja ús út om it thús kommen yn syn lea
te folgjen, te besjen. Hawar. Men moat net te skiterich wêze en sjoch oer
tûkelteammen as it ferskil tusken dêr’t en wêr’t, as en oft hinne.
Oars wurdt it as men om ‘t hurdsje oer
folslein brike sinnen stroffelet. Dan is de oandacht foar it fers fuort, en
dat kin net de bedoeling wêze.
Lykwols sit de hiele bondel stik-, smoar- en
grôtfol fan dizze krûmpraterij. In lyts foarbyld fan hoe’t in fers dêrmei
nei de soademiter ta holpen wurdt:
om’t/der te folle jierren of in leauwe tusken
ús
dreaun sa plastysk as in kontinint sil de ôfstân
wol ris west ha;
der noait mear tusken ús wêze sil as dit
hielal
dêr’t wy net byinoar yn komme kinne;
leave lit tiid ús fan inoar ôfskuorre at wy
ien foar ien
deageane;
Fers twa fan it skift Read, side 16. Dit
foarbyld is eksimplarysk.
Jo kinne der net om hinne: it ark fan de
dichter is de taal. Sa’t dizze dichter de taal brûkt niget it nei
dilettantisme. Bruinja hat Ingels studearre en yn it Nederlâns publisearre.
Hat er dat like krûm en ferwoeksen dien? Of binne de praatsjes oer it
feroarjen fan de taal (sjoch it neiwurd) inkeld ferlechjes om syn loaiens te
ferbergjen?
Ik soe sizze: dichter, stel dy net oan. Ofst
dyn namme fergeevje kinst, dan moat it mei de taal ek kinne. Folgje gewoan in
kursus Frysk. Hoechst ek net mear fan dy sweverige bullshit te ferkundigjen.
Mar genôch hjiroer.
De bondel is ûnderferdield yn sân skiften en
befettet in foech tritichtal fersen. De titel is dy fan in fers út it skift
Reade tosken, in skift dat, lykas it skift Read, ferhellet fan muoisume,
miskien sels ferwijde leafdesrelaasjes. De kleur read wurdt assosjearre mei
leafde, mar lyksa mei bloed, agresje, gefaar. De titel jout dus al oan wêr’t
de wizers fan ‘e leafde harren op ‘e skealje fan emoasjes befine. Om
lykwols de bondel ek sa te hjitten wie in treflike set; it slacht nammentlik
perfekt op de ynhâld dy’t over the top en yn it read is. Om dit op te
dúdlikjen moat ik it filearmes der yn sette. It grutste part fan de fersen
binne relatyf hurd fan toan en rjocht foar de raap. In ferrekt lyts bytsje
wurdt oan de ferbylding fan de lêzer oer litten. Bruinja hâldt derfan om de
dingen by de namme te neamen. Oft sa’n oanpak ek altyd goeie poëzij opsmyt
stiet yn ’e kiif.
Side 46:
pake dy’t begûn mei ien ko
pake mei syn wiif dêr’t er sa
tsjin skelle koe dat se de broek
fol miigde
Sa set it skift En no bin ik pake útein. Mear?
Side 46:
pake dy’t as iennichste noch mei jan
de geiteneuker prate oer froeger
Side 52, pake is der min oan ta:
fjouwerjend kaam er út syn lêste dream
as in roastige ridder op in wytferve hynder
mei in hurde kul en boadskip foar syn wiif
dat er fijn oer har fantasearre hie
Dit turbo-praat is plat en hat noch it measte
fan proaza. Spitich, om’t de dichter syn speurtocht nei pake wis wol
nijsgjirrich is. Troch de bondel hinne binne der folle mear rigels oan te
wizen dy’t prozaÿsk op jin oer komme, en dêrmei de fersen degradearje ta
in hast anekdoatyske fertelling. Nim bygelyks de iepeningssinnen fan de
strofes ien en twa fan Berte fan it swarte hynder:
Side 25:
sy skeuvelt mei de dea oan ’e ein fan it
feest fan
har trouwerij bewarre de lêste dâns foar him;
Side 26:
fan dizze frjemde dânser hinge yn de gong oan
de kapstok in lange swarte jas mei yn de
fuorring;
Of Lêste bylden, side 57:
der sit in gat sa grut as it ûnderfinen
fan de oanwêzigens fan in god yn
de dingen yn ‘e midden fan syn sachte
siel mei hurde rânen
Tsja.
Om in tal saken better te yllústrearjen sil ik
ien fers folslein útslachtsje. Ambifalint genôch is it yn syn kwetsberens en
syn direktens tagelyk ien fan de bêsten fan de bondel. It giet om it fers fan
it iepeningsskift De deaden prate net mear mei my.
Part 1
yn it sikehûs
de trep op
altyd hurd rinne
ik sloech triemmen oer
stode
yn ‘e gong
by mem del
net sjoen
thús hie se noait
in ochtendjas oan
thús hinge soks
yn de kast
Hjir wurdt ús sek eat meidield. Punt.
Moarnsjas ynstee fan ochtendjas hie nammers bêst kinnen.
Part 2
sjoch mar
se knopet it boppestik
fan har piama
iepen
ik wit net mear wat ik ferwachte
wêr’t ien boarst minder wie
like it tichtskroeid
it seach der kreas út
Part twa slacht ús lyk foar de kop. Earlik,
hurd, ûntnochterjend. Likegoed stiet der wat der stiet. De lêste rigel is
yndie wat faak sein wurdt, typysk Frysk, hast kabaratesk. De dichter lit ús
sjen en hearre wat wy al witte. De funksje fan it wurd mear yn rigel fiif is
my net dúdlik; de rigel soe der sûnder kinne. Al hoe wrang it ûnderwerp:
rigel seis is in strieminne rigel. Namste spitiger om’t it de kearn-rigel
fan it fers is. Tal bettere farianten wiene hjirfoar te betinken west.
Part 3
mem sei tsjin myn maat
ik bin hartstikke keal
hy leaude it net
as in Stan Laurel
tilde se de prúk op
sjoch mar
Jildt itselde foar as part 2. It wurd in foar
Stan Laurel hie ek fuort kinnen.
Part 4
sa wie se in kear fan de trep fallen
en in skoftsje út ’e wei
Skrinend is it en bliuwt it. Mar sa’n
opsomming makket noch gjin poëzij.
Part 5
sa wie se in kear mislik
omdat de nije hagelwite tillevyzje
har sear oan de eagen die
Mei de parten dy’t wy hân hawwe is der in
ûnhuer oprjocht byld sketst fan in frou mei boarstkanker. Lykwols wurdt it
net transedint, bart der neat mei my as lêzer. It fers is in meidieling, dêr’t
ik gefoelsmjittich net djipper of emosjoneler op réagearje as: it is slim.
Part 6
ik leau yn ús taal
en dat dy feroarje moat
yn de minsken dy’t it tsjinhâlde
en de minsken dy’t it neat skille kin
myn Frysk is net geef
mar it is de taal dêr’t dit yn gebeurde
It part dat ik yn it begjin om in oare reden
oan helle haw. Foar my is it in keunstmjittich ein oan in fierders
ienfâldich, natuerlik fers. Nei myn betinken hiene de lêste twa rigels mear
as folstien.
Om’t dit gedicht in hiel gefoelich ûnderwerp
op ’t aljemint bringt, foel it net ta om it op dizze wize te besjen. Dochs
woe ik der net foar wei wine. Uteinlik binne de ûnderfinings delslein yn
dizze beskate, pretinsjeuse foarm fan literêre keunst, en moat it op dy
merites hifke wurde.
Gearfetsjend
Oer ’t generaal makket de bondel in forsearre
en oplein-moderne yndruk. Hjir is in jonge dichter oan ’t wurd dy’t syn
ûnderwerpen (Dea, Ferslaving oan drank&drugs, Kanker, in grissel Leafde)
oer ’t fuotljocht bringt yn in foarm dy’t faaks referearret oan ‘e
herteklop fan’e tiid, mar se (noch) net wit te transformearjen ta
tiidsoerstiigjende, universele, ynfielbere barrens.
Soks wurdt nochris beklamme troch it folslein
oerstallige en bytiden komyske, kwasy-filosofyske neiwurd, dêr’t ik hjir it
begjin fan oanhelje sil. Lês en huverje.
Ik bin yn in bosk. It hat hjir reint. Drippen
rinne oer de nerven fan blêden – fan it hert nei de punt oer grienens –
De drip hâldt fêst, bliuwt in skoftsje yntakt hingjen – dâns fan
oerflaktespanning en fiskositeit. Alle ôfskied docht wat mei beide partijen
ek dat fan de drip dy't op myn holle falle moast. Ofskied ferskuort my wannear’t
ik mei tsjinoerstelde langsten konfrontearre wurdt.
Salang’t de dichter dit soart ûnnoazele
rimram nedich hat (of fynt) om wat dan ek te ferklearjen of ta te ljochtsjen,
bin ik moai bliid dat ik ôfskie nimme kin. Sûnder dat it my teskuort. Mar
ja, ik haw dan ek gjin tsjinoerstelde langsten fansels.
út
Kistwurk