troch Henk
van der Veer
De Hommerts – Tsead Bruinja (1974, Rinsumageast) waard grut yn Damwâld en
Kollum, hij wennet no yn Grins. Yn dy stêd studearre er earst Ingels en
letter Frysk. Bruinja is meartalich dichter, hy skriuwt syn fersen yn it Hollâns,
Ingels en Frysk. Syn poëzij ferskynde ûnder oaren yn de tydskriften Hjir,
Trotwaer, Ravage, De Blauwe Fedde en De Rottend Staal Nieuwsbrief.
Sûnt koar is Bruinja redakteur fan it literêr tydskrift Kistwurk. Bruinja
joech twa bondels mei Hollânstalige fersen yn eigen behear út:
‘Vreemdgaan’ (1998) en ‘Startschot’ (1999). Yn 2000 makke hij syn
offisjele debút mei ‘De wizers yn it read’. Ferline jier kaam syn twadde
bondel mei Fryske fersen út: ‘De man dy’t rinne moat’. Beide
Frysktalige bondels binne tige sober mar dêrtroch net minder fraai foarmjûn
troch Gert Jan Slagter. De beide útjeften binne ferskynd bij Utjouwerij
Bornmeer yn Ljouwert.
Op 28 septimber 2000 naam ik en publyk, it wie yn Dokkum, Tsead Bruinja in
ynterview ôf. Der wiene dy jûn in soad minsken yn `e Dokkumer bibleteek. Wat
ik mij fierder noch fan dy jûn yn it sin bringe kin is dat Tsead yn it
earstoan hiel skruten op mij oerkaam. Letter en dan benammen bij it foarlêzen
fan syn poëzij rekke der dichter hielendal ‘los’.
In prachtige foardracht, syn fersen lykje skreaun te wêzen foar de
performance! Sûnt dat petear en optreden binne der twa jier foarbij gien, en
Tsead Bruinja hat al hiel wat poadiumoptredens achter de rêch. Hy die sels
mei oan Poetry International yn Rotterdam. De relatyf jonge dichter hat in
geweldige manifestaasjedrang. Ek syn eigen website (www.tseadbruinja.nl)
ferriedt de noadige ambysje of sa’t er it sels ris troch in journalist
optekenje liet: ‘In dichter moat net stilsitte en wachtsje.’ Gelyk hat er,
lit mar fan dy hearre! Alteast as’t ek werklik wat te sizzen hast. En
neffens mij hat Tsead Bruinja as dichter wat te sizzen. Al foegje ik der
meiien oan ta dat Bruinja net in tagonklik dichter is.
Ut ‘De wizers yn it read’, is it de fersesyklus ‘de deaden prate net
mear mei my’ en dan benammen de folgjende rigels dy’t yndruk op my makken:
mem sei tsjin myn maat
ik bin hartstikke keal
hy leaude it net
as in Stan Laurel tilde se de prûk op
sjoch mar
Sa’n fers rekket mij, omdat de ynhâld tige konfrotearjend is. Neat gjin
moaiskriuwerij, neat gjin metafoaren, mar spikerhurd de skrouske wierheid
ferwurdzje. Yn `e debút-bondel steane nochal wat fan dizze anekdoatise fersen.
De dichters skriuwt oer mem, suske en net te ferjitten oer pake:
kij dy’t opjûn wienen
waarden better by him al moast hy der de hiele nacht by bliuwe
foar har koe er neat oars
dwaan as de dokter betelje en har namme yn komateuze earen roppe
Wa’t foar it earst in bondel fan Tsead Bruinja yn hânen krijt, sil al gau
tinke ‘wat moat ik hjirmei? De lêzer moat him/har hiel bot konsintrearje op
`e tekst sels, wurd foar wurd. Bij it foarlêzen fan syn gedichten begûnen
foar mij al dy frjemde sinnen lykwols te libjen. Der sit in geweldich soad
ritme en firtuositeit yn syn wurk.
Ek de taal is mear as ienris tema dêr’t dizze dichter oer skriuwt:
ik leau yn ús taal
en dat dy feroarje moat yn de minsken dy’t it tsjinhâlde en de minsken dy’t it neat skille kin
myn Frysk is net geef
mar it is de taal dêr’t dit yn gebeurde
Dizze rigels binne yndied in bewiis dat Bruinja net yn geef Frysk skriuwt.
Achteryn syn debútbondel, yn in neiwurd, skriuwt hij nochris oer hoe’t hij
mei taal omgiet. Yn syn twadde bondel mei Frysktalige fersen, is it opfallend
dat Bruinja yn fergeliking mei wat er yn syn earste bondel skriuwt noch proazaïstiser
te wurk giet.
As foarbyld it earste part fan it fers ‘Is your being served’:
midden yn it lân tusken starich kôgjend fee
keatst it blau fan swaailjochten ôf op `e giele trein dy’t oan ien tried wei oan `e skouders liket te lûken der is hjir gjin stasjon de wachtsjende reizigers dy’t fierderop ûngeduldich op it perron fan har horloazje nei de swijende speakers eagje begjinne mei inoar te praten oer tiid en ferwachtings it ambulânsefolk groetet de brânwacht
Wat mij ek oan in soad fersen fan Bruinja opfalt, is dat se sa sintúchlik
binne. Guon fan syn fersen stjonke suver. Ik helje hjir strofe trije en
fjouwer út ‘Mei Schwitters troch it Stedelijk’ oan:
dyn hannen rûke nei roastwetter even wriuwe
en se rûke nei fjoerstientsjes sjoch ûnder myn neils sit modder mar myn wurk is skjin
dit bin ik ek wat ik net begryp
alles wat ik meitsje is hielal of it no de rook fan earmholteswit is of de útstjerrende neiklank fan it fuotstap op in kelderstrep
Hiel wat dichtrigels fan Tsead Bruinja lykje mear as ien betsjutting te hawwen.
Syn fersen binne in delslach fan heale tinzen, gefoelens, eangsten, grappen,
fernuverings en oantinkens tagelyk. Hij brûkt in fracht oan wurden en syn
doel is net om ordening yn `e gaos oan te bringen, hij makket allinne (taal-)opnamen
yn fersen.
Foar wa’t de muoite nimt op him/har te ferdjipjen yn it wurk sil op ien of
oare wize beleanne wurde. Wa’t gjin boadskip oan it wurk fan dizze jonge
Fryske dichter hat, it hoècht fansels net, of sa’t ik oait ris ergens lies:
‘Een gicht is als een ei. Je kunt het ook laten barsten.’ Mar dat dizze
dichter in biezem troch de Fryske poëzij hellet is dudelik. (Sneeker
Nieuwsblad, 22-08-2002)
|